Kategoryen

No products in the cart.

Komt in man by syn frou

Sjoerd Bottema

8,95

Details



Einleaze fuotbalanalyzes, nuodlik sjen yn glossy tydskriften en sa hurd mooglik op ‘e gitaar rosse, dat is de wrâld fan de boppegemiddelde echte man. Mar dêr wurde jo fansels net manlik fan. Selsûndersyk en literêre diedkrêft, dat is wêr’t it om giet. Sa meitsje jo besprekber wat manlju dwaande hâldt by it organisearjen fan de jacht, it betwingen fan de lust of it etalearjen fan wiisheid en krêft.

De skriuwers fan dit boek pretindearje net de wierheid oer de echte man te ferkundigjen – hy is ommers in wat saai figuer, dy’t him steande hâldt troch in grut ferlet ta opskeppen en swearen. De ferhalen gean dan ek foaral oer hoe wrâldfrjemd de echte man wol net wêze kin, as master oer de sitewaasje, as slachtoffer fan syn omjouwing. Elke skriuwer sjit dêrby mei syn eigen munysje: soms mei earnst en moederaasje, dan wer fol faasje en humor.

Njoggen ferhalen fan Sjoerd Bottema, Anne Feddema, Ate Grypstra, Bouke van der Hem, Arjan Hut, Jaap Krol, Sipke de Schiffart, Nyk de Vries en Henk Wolf.

Frysk, 80 siden, paperback

Relatearre produkten

Asman
Yn winkelwein
Nij
22,50
Genealogysk Jrb 2021
Yn winkelwein
Nij
32,50
moard yn tserke
Yn winkelwein
Nij
15,50
Fertile soil
Yn winkelwein
Nij
23,50