Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Hilde - ferstjitten

Nelly Jongsma-de Jong

Original price was: €18,50.Current price is: €10,00.

Details

‘Ik wit noch net wat ik wol mem!’ Hilde wurdt ynienen fûl en knypt de hannen om de leuning fan de lúkse learen stoel dêr’t se yn sit. ‘Mar ien ding wit ik wol, ik wol net dat jo oer my beslisse.’

Hilde – ferstjitten is it oangripende en spannende ferhaal fan in famke fan sechstjin jier dat har libben libbet yn lúkse. Mei har heit en mem wennet Hilde yn in grut hûs oan ’e râne fan ’e bosk, mar se fielt har net gelokkich. Har mem is in ambisjeuze frou mei in hege funksje yn Brussel. Har heit is foar syn wurk ek meast fuort. De iensumens en it gefoel dat se oer en tefolle is, brekke har op. Dan bart der wat dat har libben alhiel op syn kop set. Hilde kiest har eigen wei, mar dochst se dêr ferstannich oan?

Nelly Jongsma – de Jong (Haskerhoarne, 1935) wurke as learares lân- en túnboukunde en natuer- en skiekunde. It skriuwen kaam pas letter op har paad. Hilde – ferstjitten is har tredde roman. Se debutearre yn 2014 mei Brief út it ferline en twa jier letter ferskynde Moard út it ferline.

Author : Nelly Jongsma-de Jong ISBN : 9789491971235 New label : 1 Pages : 208 Language : Frysk Publisher : KFFB Format : paperback Kategory: , , , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €16,00.Current price is: €10,00.