Kategoryen
Nij

Hagelslach - gedichten fan Rients Gratama (ferskynt 30 novimber 2025)

Rients Gratama

19,50

Details

Rients Gratama (1932-2017) wie ferneamd as Frysk kabaretier, sjonger en akteur, dy’t yn de teaters yn it hiele lân namme makke hat. Mar dat hy ek in betûft dichter wie, is folle minder bekend. Dochs doarde hy it oan ’e ein fan syn rike libben wol oan en meitsje krekt as dichter noch ien kear de balâns op. Dat foarnimmen levere gefoelige gedichten op, mei fansels altyd ek in lichte of iroanyske toets.

Carla van der Heijde, de libbenspartner fan Rients dy’t in soad mei him gearwurke hat, makke de tekeningen by de gedichten.

 

Skriuwer: Rients Gratama Isbn: 9789493318700 Nij: 1 Tal siden: 80 Taal: Frysk Útjouwer: Afûk Utfiering: Paperback mei stofomslach Illustrator: Carla van der Heijde Kategory , , , .

Relatearre produkten