Hagelslach - gedichten fan Rients Gratama (ferskynt 30 novimber 2025)
Rients Gratama
€19,50
Details
Rients Gratama (1932-2017) wie ferneamd as Frysk kabaretier, sjonger en akteur, dy’t yn de teaters yn it hiele lân namme makke hat. Mar dat hy ek in betûft dichter wie, is folle minder bekend. Dochs doarde hy it oan ’e ein fan syn rike libben wol oan en meitsje krekt as dichter noch ien kear de balâns op. Dat foarnimmen levere gefoelige gedichten op, mei fansels altyd ek in lichte of iroanyske toets.
Carla van der Heijde, de libbenspartner fan Rients dy’t in soad mei him gearwurke hat, makke de tekeningen by de gedichten.
Humor út de Wâlden - It bêste fan Nyk de Vries
Wibren Altena - In swalker yn 'e geast (boek mei cd)