Hagelslach - gedichten fan Rients Gratama
Rients Gratama
€19,50
Details
Rients Gratama (1932-2017) wie ferneamd as Frysk kabaretier, sjonger en akteur, dy’t yn de teaters yn it hiele lân namme makke hat. Mar dat hy ek in betûft dichter wie, is folle minder bekend. Dochs doarde hy it oan ’e ein fan syn rike libben wol oan en meitsje krekt as dichter noch ien kear de balâns op. Dat foarnimmen levere gefoelige gedichten op, mei fansels altyd ek in lichte of iroanyske toets.
Carla van der Heijde, de libbenspartner fan Rients dy’t in soad mei him gearwurke hat, makke de tekeningen by de gedichten.
—
Harmke: “De gedichten litte de lêzer hiel ticht by Rients Gratama komme, mar se binne ek foar elkenien goed yn te tinken. Hy beskriuwt yn it gedicht ‘fan dy dingen’ hiel moai hoe’t er eartiids boas waard op himsels as er wat falle liet, letter, at de âlderdom him ynhellet, ferleit er syn geskel nei de lytse dingen. Ut de gedichten is in nochtere blik en beskieden toan te hearren. De swart-wyt tekeningen binne in moaie oanfolling op ’e gedichten.” Lês hjir Harmke har folsleine resinsje.
Yvonne: “De bondel is opdield yn trije dielen: in moai ein hinne, in moai skoft lyn en ûnderwilens tocht. Elk part befettet meardere gedichten dy’t mei-inoar in reis foarmje troch tiid, oantinken en gefoel. Yn in soad fan dy gedichten werken ik lytse, deistige mominten. Se bringe my werom nei myn eigen bernetiid: hoe’t ik myn bôle mei hagelslach iet, of wat my troch de holle gie as ik wat út ‘e hannen falle liet. De teksten binne tagonklik en helder, mar litte dy tagelyk ek efkes stilstean en neitinke.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Yvonne.
Dingeman krijt wjukken
Wyt ljocht - gedichten

