De Reade Bwarre
Trinus Riemersma
€27,50
Details
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de ‘Modderklauers’, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de ‘Bwarristen’ dy’t de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de ‘grutte ferneuker’.
In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol.
It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy’t der yn 1980 by einsluten net kaam. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993.
Marijke Meu - Stammoeder van het huis Oranje -Nassau
Aete en ame Plús - yn it Hylpers
Sjongsto mei my
Der dy namma fan heten is - It komôf fan plaknammen
Fryslân stikker grut (Frl-stikker)
It parfum - De skiednis fan in moardner
De Reinbôgedolfyn
Kaart: Gelok sit yn in lyts romperke
Yn de tiid fan de guillotine
Tantalus
Leeuwarden gezien door W.H. Kuipers
Der is neat om glêd te striken - Biografy fan Trinus Riemersma