Kategoryen

No products in the cart.

Sjongsto mei my

Amanda Gorman

15,00

Details

In jong famke wiist it paad op in muzikale reis. Se freget de minsken dy’t se tsjinkomt om mei-inoar de wrâld in bytsje moaier te meitsjen. Dat is hielendal net sa dreech. De krêft om wat te feroarjen -grut of lyts- sit gewoan yn dysels.

Amanda Gorman waard wrâldferneamd troch de foardracht fan har gedicht ‘The Hill we Climb’ tidens de ynauguraasje fan presidint Joe Biden. Se is dichter en set har yn foar it miljeu en in gelikense behanneling foar elkenien.

Loren Long makke de kleurrike yllustraasjes by de ynspirearjende, lyryske tekst mei in belangrike, hoopfolle boadskip.


Wytske Jongbloed: “In hoopfol ferhaal, mei in ynspirearjend en leafdefol boadskip. Amanda Gorman ropt dêrmei alle bern op om har eigen kracht te brûken om in lyts of grut ferskil te meitsjen foar de wrâld, mar foaral ek om it ferskil te meitsjen foar harsels. It boek snijt tema’s oan lykas: diversiteit, ynklusiviteit, feroaring en it wiermeitsjen fan dreamen. Dêrmei is it ek tige geskikt om yn te setten op skoalle, benammen yn de hegere klassen. It ferhaal noadiget bern út om nei te tinken oer hoop, dreamen, feroaringen en de ideale wrâld. Want mei in lytse feroaring kin elkenien in grut ferskil meitsje!” Lês hjir de folsleine resinsje fan Wytske.

Antje van Schepen: “Kleurryk en geskikt foar alle leeftiden; lytse bern sille foaral sjen nei de sprekkende plaatsjes, âldere bern en folwoeksenen sille persoanen lykas Dr. Martin Luther King en harren eigen (Amerikaanske) mienskip werkenne. De tekst is sprekkend en poëtysk. It boadskip is dúdlik: doch mei en meitsje it ferskil. Ek al begjinst allinnich; troch akseptaasje kinst brêgen bouwe en mei-inoar in mienskip wêze.” Lês hjir Antje har folsleine resinsje.

Author : Amanda Gorman ISBN : 9789493159921 New label : 1 Pages : 32 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Translator : Michelle Samba Illustrator : Loren Long Kategory: , , , .