De Reade Bwarre
Trinus Riemersma
€27,50
Details
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de ‘Modderklauers’, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de ‘Bwarristen’ dy’t de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de ‘grutte ferneuker’.
In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol.
It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy’t der yn 1980 by einsluten net kaam. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993.
Mem, fertel!
De Lytse heit en mem nr. 10 2023
heit en mem online hjerst-edysje (e-magazine)
heit en mem nr. 2 2024
heit en mem online sinteklaas-edysje (e-magazine)
Duko Bodelasse syn jonge jierren/zijn jonge jaren
Kaart: Jimme wurde heit en mem
Heit van Ús Mem - Gerhardus Jan Adema: Beeldhouwer Schilder Tekenaar Medailleur
Pannenlap Fryslân - set van 2
De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie - 101 gedichten uit het Koninkrijk van 1945 tot nu
Nina
Knyn yn de put
Laam, wat bist tûk!
It swetshok - Ferhalen fan in fjildman
Oekebakke boem
Onvermijdelijk verraad - Oorlogsroman 1938-1945
De keet fan Annawâld
De hut fan das
Op reis met de NTM
De kul oer it skouder