#Zomerlezen by de Afûk! | Krij it 'Zomerlezen'-geskink kado by oankeap fan € 17,50 oan boeken.
Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Nij

De Klûs - De dûbele moard op ien professor

Tsjeardsje Lamberts

7,50

Uitverkocht

Details

De Wittenskiplike Bibleteek is it pronkje fan in sliepperige provinsjehaadstêd yn it noarden fan it lân. Yn de klûs fan dit belangrike ynstitút ûntdekke de meiwurkers wat ôfgrysliks. Der leit in deade man. Hy is fermoarde. En syn lichem is mummifisearre. Dit is krekt in saak foar ynspekteur Kynke Swichum.

Yn dizze twadde skriller mei de ‘opfallend ûnopfallende’ plysjefrou yn de haadrol stiet in deugdsume histoarikus sintraal, dy’t wol in hiel bysûndere ûntdekking dien hat. En ek dit kear hat Swichum de hast ûnmooglike taak om sa gau mooglik in grouwélige moard op te lossen. Har gefoelens foar de flotte boargemaster Gysbert Braeksma sitte har dêr bytiden by yn it paad. Kin Swichum alle gefaren dy’t op har ôfkomme ûntwike en tagelyk soargje dat rjocht dien wurdt? Slagget it har om har romantyske gefoelens in plak te jaan?

Tsjeardsje Lamberts wie mear as fjirtich jier meiwurker by tal fan argyfynstellingen. Se is graach behelle by de oplieding fan takomstige professionals op it mêd fan kultuer en skiednis. Lamberts lêst yn har frije tiid graach in boek en moat neat hawwe fan social media. Yn de fakânsje reizget se de hiele wrâld oer, har knyntsjedagen binne har hillich.

 

Skriuwer: Tsjeardsje Lamberts Isbn: 978493318816 Nij: 1 Tal siden: 111 Útjouwer: Afûk/Tresoar Utfiering: paperback Taal: Frysk Kategory , , , , , .