De Klûs - De dûbele moard op ien professor
Tsjeardsje Lamberts
€7,50
Details
De Wittenskiplike Bibleteek is it pronkje fan in sliepperige provinsjehaadstêd yn it noarden fan it lân. Yn de klûs fan dit belangrike ynstitút ûntdekke de meiwurkers wat ôfgrysliks. Der leit in deade man. Hy is fermoarde. En syn lichem is mummifisearre. Dit is krekt in saak foar ynspekteur Kynke Swichum.
Yn dizze twadde skriller mei de ‘opfallend ûnopfallende’ plysjefrou yn de haadrol stiet in deugdsume histoarikus sintraal, dy’t wol in hiel bysûndere ûntdekking dien hat. En ek dit kear hat Swichum de hast ûnmooglike taak om sa gau mooglik in grouwélige moard op te lossen. Har gefoelens foar de flotte boargemaster Gysbert Braeksma sitte har dêr bytiden by yn it paad. Kin Swichum alle gefaren dy’t op har ôfkomme ûntwike en tagelyk soargje dat rjocht dien wurdt? Slagget it har om har romantyske gefoelens in plak te jaan?
Tsjeardsje Lamberts wie mear as fjirtich jier meiwurker by tal fan argyfynstellingen. Se is graach behelle by de oplieding fan takomstige professionals op it mêd fan kultuer en skiednis. Lamberts lêst yn har frije tiid graach in boek en moat neat hawwe fan social media. Yn de fakânsje reizget se de hiele wrâld oer, har knyntsjedagen binne har hillich.
'Wel aardig, nou?' - Autobiografische schetsen
Kaart: Oeral thús, mar thús it bêste. (Friese spreuktegel)
Keimpe de Krokodil - Boek & Memory
FRYSK - Bordspel
Ik wurd mem
Fauna XXtraordinaire - 10 aansichtkaarten
BOEM! Lytse Ûle
De Nova Scotia staazje
Genealogysk Jierboek 2023
Metalen bordje - Húske
Knyn yn de put
Keukendoek Fryslân
De Vita Beata - In lokkich libben
Dit wie de plestik tiid - Miljeupakket
Moard yn 'e hite hei - speurdersroman