Ate en de seeheks
Elbrich Vreeling
€14,95
Details
Lâns de Gaasterlânske kliffen wenje de klifminskjes. De kâns datst ien tsjinkomst is net sa grut, want se binne mar hiel lyts en at se minsken sjogge krûpe se gau fuort.
Klifmantsje Ate wennet oan it Marder Klif. Op in dei krijt er in brief fan syn omke, dy’t slim siik is. Hy freget at Ate foar him nei de seeheks yn Laaksum gean wol. Har drankjes hawwe al hiel wat klifminskjes better makke. Mar Ate hat ek heard dat se it net stean hat op klifmannen. Sa is der in ferhaal dat se in kear in klifmantsje feroare hat yn in wjirm. Ate grizelet at er dêroan tinkt. Hy doart net nei dy heks! Mar hy kin syn omke toch net yn ’e steek litte?
Leeftiid; 6+
Klaske Faassen-Buma: It is in grut aventoer om op besite te gean by de Seeheks. Wa’t Gaasterlân in bytsje kin, werkent in protte fan de plakjes yn it boek wêr Ate syn aventoer belibbet. Ús Sybren, Bauke, Hessel en Wytske fine it prachtich en it ferhaal is tige spannend. Se bin dan ek mûsstil en dat is net sa faak it gefal… Lês hjir Klaske har folsleine resinsje.
Wytske Jongbloed: ” Ik haw it boek foarlêzen oan myn neefkes Hidde en Djurre fan acht en seis jier. Binnen no time sieten se midden yn it ferhaal en foaral it part yn de grot fan de seeheks fûnen se tige spannend. Prachtige toverspreuken en om wurden lykas potferjanhinnekont, snotferjokky, blikje Pibe en fansels it kwallesop mei spinnepoatsjes en miere-aaikes moasten se ôfgryslik laitsje. In waarm ferhaal mei in ferrassende twist en lykas by elk mearke komt alles úteinlik mear as goed!” Lês hjir Wytske har folsleine resinsje.
Pas op foar de heks

