Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

Nij

Optimistysk yn it wollen - Essees

Pier Boorsma

€12,00

Details

Mei Optimistysk yn it wollen, de bondeling fan in tal fan syn kranteartikels, leveret Pier Boorsma in bydrage oan de diskusje oer in tal fraachstikken oangeande de Fryske taal en kultuer, sa as: Hoe kin it bêste de striid foar better ûnderwiis yn it Frysk fierd wurde? Is der in noardlike kultuer en moat de Fryske kultuer dêrûnder beflapt wurde? Is de Fryske Beweging links of rjochts oriïntearre? Status aparte of autonomy foar it Frysk?

Under de titel Kulturele autonomy yn Fryslân publisearre er yn 2016 artikels fan himsels en oaren oer it tema kulturele autonomy. Optimistysk yn it wollen kin sjoen wurde as in fuortsetting dêrfan.

Pier Boorsma (1944) is benammen bekend wurden as dichter. Syn poëtysk oeuvre is lyts, mar ynkringend. It hat in filosofyske en ûnôfhinklike ynslach. Hy studearre psychology en filosofy. Boorsma toant him yn syn poëzy in by de selskant fan libben en maatskippij belutsen minske. Maatskiplike belutsenheid hat er ek altyd sjen litten as inisjatyfnimmer en organistor op it mêd fan de Fryske literatuer en kultuer.

Skriuwer: Pier Boorsma Isbn: 9789074516723 Nij: 1 Tal siden: 45 Taal: Frysk Útjouwer: Hispel Utfiering: paperback Kategory , .