Kategoryen

No products in the cart.

Marike fan Nijmegen - Elkenien

Klaas Bruinsma

15,00

Details



Marike fan Nijmegen – “ik wie de duvel syn faam” – is it ferhaal fan in jonge frou dy’t yn de klauwen fan in loverboy bedarret, in loverboy dy’t eins in duvel út ‘e hel is. Se reizget mei him nei de grutte stêd ta en docht dêr alles wat God ferbean hat. Nei in wrakseling mei de duvel slagget it har om ôf te kicken fan har ferslaving oan de Undeugd. Se kiest úteinliks foar harsels, en tsjin de loverboy út ‘e hel. Dêrby kriget se help fan har omke Gysbert de pastoar, en fan Maria, dy’t se nettsjinsteande har skandedieden altyd yn eare holden hat.

Elkenien is in ferhaal oer ússels, oer hoe’t wy by it âlder wurden sykje nei it godlike en nei de deugd, benammen as de dea tichteby komt. Elkenien hat ivichheidswearde troch de emosjonele útbylding fan de eangst foar de dea en troch de rasjonele útbylding fan ‘e sinjouwing, dy’t de dea kriget troch it middel fan it neitinken oer de eigen deugd. Op syn lêste reis kiest de haadpersoan foar himsels troch foar syn deugd te kiezen, en sa fynt er it paad nei God werom.

Marike fan Nijmegen en Elkenien binne beide teksten dy’t yn de foarm fan in spannend ferhaal ljocht skine litte op de problemen fan ús tiid en fan ússels.

Relatearre produkten

Poster - in mem foar altyd
Yn winkelwein
Nij
2,50
lytse prinsesse
Yn winkelwein
Nij
2,50
Set 'm op! Wy tinke oan dy!
Yn winkelwein
Nij
1,00
Ik hoopje datst dy gau wer wat better fiele silst...
Yn winkelwein
Nij
1,00