Wyntrilogy
Hilda Talsma
€24,50
Details
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele.
Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy’t harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie’s neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken.
Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op ’e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht.
Yn diel 3 Wyn fan de winners sil de famylje Kamstra besykje om wer yn ’e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden en Johanna hat oare prioriteiten. De nije bemanningsleden út Frisum soargje, tegearre mei de Onnie’s, foar de nedige konsternaasje en sadwaande wurdt it wer in wike fol ferrassingen.
Dizze hearlike boeken fol spanning, aventoer, humor en romantyk, nimme de lêzer mei yn ’e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân. De dielen binne ek los te krijen.
Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd en yn 2021 skreau se it boekewikegeskink Lockdownleafde. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.
Wêr is Keimpe?
Het Beerenburg Evangelie volgens Piter Wilkens
Siderius de Granaet - in ut Dòkkumers
Damje mei ome Hajo
Oan dy tinke
Griene simmer
Le Tour de Frise
Heitedeipakket (grut)
Imitaasjelear
Stip - knuffel Grut (33 cm)
Sex to the Max
De Traveliers: Yslik aktyf - Audioboek
Stip yn 'e trein - mei it lûd fan in stoomtrein
Het kaatsen, een inleiding
De Weddenskip
Een psychoanalytische studie van poëzie
Road - A Song for Everyone
De humor yn
Franeker Woardeboek Deel 1 en 2
Unlân
42 Fûgels oan ús kusten / 42 Vögels van uns Küsten
De Hôven - gedichten by akwarellen
Fûgels yn ús - koarte ferhalen
Magneet Fryslân letters
De beste stuurlui staan aan boord - Praktijksituaties voor de watersporter
de toverangel fan Ate
Wês net bang (mar wol foarsichtich)
Boerd 'Hotel mem, altyd iepen!'
De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners
Smoarge Piter
Hylper jûnges twiske Skier en Fet
Wurk
Middlemarch
Tomke op it iis
Sprokies van Grimm in 't Stellingwarfs
It grutte Pake en Beppe Foarlêsboek
Kaart: Hoi Heit!
Lampke
Stikelbarchje Prikkeprik
Flammen