Viva la Vis - Fiskgedichten yn soarten, maten en moaten
Eppie Dam
€17,50
Details
Viva la Vis! is in printeboek mei mear as fyftich fiskgedichten, skreaun troch Eppie Dam (1953-2026) en mei yllustraasjes fan Yke Reeder.
Sûnt syn debút yn 1978 hat Eppie Dam in ymposant literêr oeuvre opboud mei in grut ferskaat oan sjenres: berneboeken, sportsjoernalistyk, biografyen, mear as fyftjin dichtbondels, geastlike lieten, kantates, oersettings fan gedichten lykas fan William Blake en William Butler Yeates, songs fan û.o. Leonard Cohen en Joni Mitchell en lietteksten foar iepenloftspullen. De kwaliteit fan syn wurk is opfallend heech en waard fakentiden bekroand: ferskate kearen de Rely Jorritsmapriis, de Simke Kloostermanpriis (2001) en de Gysbert Japicxpriis (2017), de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân.
DE FISKEWRÂLD FAN ALLE KANTEN
It falt net ta om fisk te wêzen. Moatst foar en achter eagen ha, mar dy sitte oan ’e sydkant. Fiskeëagen bliuwe altyd iepen, ek asto wol sliepe wolst.
En kin in fisk wol laitsje en gûle? Kinst nergens mei dyn triennen hinne want oeral is wetter. Meist fan gelok sprekke as it skjin is, al falsto dan wol hiel bot op. Rôvers lizze op ’e loer, behalve asto sels in rôver bist. Dan hapsto dalik ta. Soms happe minsken ta en wiestó de fisk. Lekker dan!
Yn Viva la vis besjogge dichter Eppie Dam (1953-2026), yllustrator Yke Reeder en foarmjouwer Monique Vogelsang (oeps! oare bubbel) de fiskewrâld fan alle kanten. Mei humor en fertriet. Dat is hoe’t it mei fisken sit. En mei minskefolk yn alle lannen, mei grutte boppe-wetter-plannen. Neist de Fryske nammen wurdt yn dit boek ek dy yn frjemde talen brûkt. Gjin wunder: fisken kenne gjin grinzen en swimme oeral hinne. Yn groepen of allinne.
