It is Fryske Boekewike! Fergees Kadoboek by € 15,- oan boeken.
Categorieën
1

Subtotaal: €17,50

Bekijk winkelwagen Afrekenen

Twa skinken

Elske Schotanus

€15,95

Details

Elske Schotanus makke namme as suksesfol skriuwster fan Frysktalich proaza en de libbensbeskriuwingen fan keunstners as Pier Feddema. In pear jier ferlyn ûntduts sy it digitale tekenjen op de iPad, wat resultearre yn de lytse byldnovelle (graphic novel) Kyra, in skiednis dy’t spilet yn it jier fan de rôt (2022). ‘In wûndermoai ferhaal’, skreau de Leeuwarder Courant en yn it Friesch Dagblad waard it boek ‘in bysûndere útjefte’ neamd.

Twa skinken is de bewurking fan in âld folksferhaal. Skriuwer en wittenskipper Ype Poortinga (1910-1985) sammele yn ’e jierren ’70 en ’80 een skat oan Fryske folksferhalen, op bân opnaam en publisearre yn sân tsjokke boeken. Ien fan dy ferhalen is de sêge ‘Twa skinken’ út De held en de draak. De ferteller wie Roel Piters de Jong fan Ouwsterhaule, en de sêge spilet him ôf yn de omkriten fan Gersleat-polder en De Gerdyk. Wat belibbet haadpersoan Ids as syn mem him op in winterske dei nei De Gerdyk stjoert om in boadskip te dwaan? Mei de ferskining fan Twa skinken hat in âld, oarspronklik mûnling oerlevere folkserhaal in bysûnder en nijsgrjirrich nij jaske krigen.

Isbn: 978-90-836212-3-4 Author: Elske Schotanus Language: Frysk Pages: 40 New label: 1 Publisher: De Ryp Format: ynbûn Categorie , , , , .

Gerelateerde producten

Aanbieding
Oorspronkelijke prijs was: €18,50.Huidige prijs is: €5,00.