Kategoryen

No products in the cart.

De Raven - Facebookroman

Elske Schotanus

18,50

Details

Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint
Facebookroman

Spannende en bytiden hilaryske famyljestoarje oer Elske, har suster en trije bruorren.
In raven, in drone en in kapitaal njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn ’e bosken fan Gaasterlân spylje in wichtige rol yn it ferhaal dat yn ’e simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun waard.

———-

Lêzersreaksjes:
It earste Fryske feuilleton op Facebook. En watfoar ien! Gjin dei oerslein. Alle dagen hast in knappe cliffhanger. Fermaaklik, mar ek fernimstich binne de stikken dêr’t werklikheid en fiksje inoar yn bespylje. It tal passaazjes dêr’t ik smaaklik by laitsje moast, binne mannichfâld. Der sit wat yn it ferhaal dat driuwt, it makket gong. Fierders is der ôfwikseling by ’t soad, al wie it mar fanwegen de opset en struktuer fan ’e stikken. De ein wie foar my ferrassend.

As ik in pear dagen yn it achter wie, gong ik earst werom nei wêr’t ik bleaun wie.

Ondanks dat ik Facebook vooral open op momenten dat ik even oppervlakkig wil scannen en scrollen, las ik regelmatig door als de eerste zinnen mijn aandacht trokken.

Alles lêzen, fansels! ’t Wie machtich moai! Hiest om my noch wol in pear wike trochsette mocht!

Reina Kroodsma: ‘It boek bondelet it ferhaal dat Elske yn de simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun hat. In famyljeferhaal dêr’t alles yn sit. Spanning, humor, drones, in Fries om utens, in toefke mystyk en oan ‘e ein in pikefelmomintsje. In boek mei alles derop en deroan. It kloppet!’ Lês Reina har hiele resinsje hjir op heitenmem.nl

Pieter Zuidema: “Nei elk stikje wolle jo witte: hoe giet dit fierder… Sa no en dan komme der wiere cliffhangers yn it ferhaal nei boppen. Elske Schotanus lit dêryn sjen in betûft Facebookromanskriuwer te wêzen.” Lês hjir Pieter syn hiele resinsje.

Author : Elske Schotanus ISBN : 9789493159341 New label : 1 Language : Frysk Publisher : Afûk Pages : 214 Kategory: , , , .

Relatearre produkten