Strobke (5 boekjes)
Praat mar Toaniel!
€25,00
Details
Strobke is in jonkje dat libbet oan it begjin fan de 20e iuw. Hy is wees, makket in soad ferfelende dingen mei, mar bliuwt fleurich. En ûndogensk. It leafste wol er syn heit en mem werom fine. Mar sa maklik giet dat net. It ferhaal is basearre op it ferneamde boek ‘Kruimeltje’.
In rige fan 12 toaniellêsboekjes foar de groepen 5 oant 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.
Kombinaasjetip: By in tal fan de útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.
Kneppelfreed - Graphic novel
S.P.Q.F. - Een biografie van Franeker
Bokje op 'e top - Fryske edysje
Lytse Aap - vingerpopje
De Wiksel - De Wissel
Snot-Keuteltsje-Kak-Sop
Veertig jaar moord en ander ongemak in Leeuwarden 1975-2015
Lytse Aap en Broerke
Stil de Wildernis - Gedichten
Hoe moai wyt ik bin - Hardcover
Friese landsdelen - Oostergo

