Hoe moai wyt ik bin - Hardcover
Dolf Verroen
€22,50
Details
Hoe moai wyt ik bin is de oersetting fan it boek Hoe mooi wit ik ben fan Dolf Verroen. It ferhaal spilet om 1800 hinne. De fertellende haadpersoan is de dochter fan in plantaazjehâlder. Sy wurdt 12 jier en krijt as jierdeispresintsje in slaafmakke jonkje. It ferhaal lit ynkringend sjen, hoe’t der yn dy tiid troch wite minsken sjoen waard nei slavernij.
Yn Dútslân krige de oersetting fan it ferhaal trije prizen, de Deutscher Jugendliteraturpreis, de Gustav-Heinemann Friedenspreis en Das Kinder- und Jugend-Hörbuch des Jahres. Yn Itaalje waard it ûnder de titel Il regalo nero (Het zwarte geschenk) bekroane mei de Premio Legambiente en de Premio della Città di Bella.
Dolf Verroen, dy’t yntusken 97 jier is, hat mear as 100 berneboeken skreaun en krige der ferskate prizen foar. “Yn myn boeken besykje ik net etysk en ferfelend te wêzen, mar der sit altyd wol in boadskip yn,” hat er sels wolris oer syn wurk sein. Hy wennet al sûnt de jierren tachtich yn Fryslân.
