Kategoryen

No products in the cart.

Simmer

Nyckle Haisma

11,50

Details

Foar Aent Obma, boeresoan en opgroeid op de famyljepleats oan it Dokkumer Djip, is Fryslân yn syn jonge jierren te lyts. Hy swalket de hiele wrâld oer en fia Amearika bedarret er yn Ynje. Pleage troch ûnwennigens komt er nei in fearnsieu in simmer lang werom yn it Heitelân. Aent fynt byld en wêzen fan Fryslân en benammen fan it boerelibben út syn jeugd werom, sa’t dy yn syn dreamen, de lange jierren om utens, fêstset en idealisearre binne.
De novelle Simmer ferskynde earst trije jier nei de dea fan Nyckle Haisma yn it literêre tydskrift De Tsjerne. By gelegenheid fan de Fryske Boekewike 1948 waard it útjûn as boekewikegeskink. Yn itselde jier krige de skriuwer foar Simmer postúm de Gysbert Japicxpriis. Hy wie de twadde auteur dy’t de priis krige.

Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1948.

Nyckle J. Haisma waard berne yn 1907 te Ie. Om’t er as skoalmaster yn Fryslân gjin fêst wurk krije koe, slagge er nei Medan op Sumatra. Hy hat ien kear mei ferlof yn Fryslân west en wie fan doel nei de oarloch foargoed werom te kommen. Safier kaam it net. Hy stoar yn 1943 oan diftery yn in Jappekamp.

Author : Nyckle Haisma ISBN : 9789089542007 Pages : 64 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : paperback Kategory: , , .