Shit my mar lek
Meindert Bylsma
€18,00
Details
Trije wat âldere manlju wurde op ferskillende plakken dea oantroffen. De plysje besiket út te finen wêrom’t se ‘lek’ sketten binne. In sitaat by it finen fan ien fan de manlju: ‘Selsmoard, dat hie it moaiste west, dat joech minder rompslomp… Mar ja dat kaam net yn de beneaming’. Is it boek in misdieroman? Dat soe sa mar kinne. In oar ferhaal begjint mei: Der wie ris in lân dat Dellân hjitte. Krekt as yn in mearke. In mearkeboek? Dat soe ek kinne fansels. Troch it ramtferhaal binne allegearre oare ferhalen frissele dy’t de lêzer geregeldwei op ’e doele bringe. It sintrale tema dat de skriuwer oansnijt is de ‘minne situaasje’ fan it Frysk. Hy is der op in seldsume wize yn slagge de toan licht te hâlden, of is dat mar skyn?
Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1998.
Pas op foar de heks
Tichtby
Het kaatsen, een inleiding
Damje mei ome Hajo
Asing - columns
De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder
Kondoleânsjekaart: Foar altyd yn ús hert
Fryslân mûtse lang
Moai waar en lange dagen - Oantinkens
Ik bedoel mar! - audioboek op cd
Een psychoanalytische studie van poëzie
Hâldsto altyd fan my?
It iene hellet it oare út (assosjaasjeroman)