Sasjenka
Simon Sebag Montefiore
€34,95
Details
Sasjenka (2008) is it earste deel fan de ferneamde Moskou-trilogy fan Simon Sebag Montefiore. Montefiore is de skriuwer fan in oantal boeken oer de skiednis fan Ruslân, mar hij hat ek in feardige pinne as romanskriuwer oer de perioade dêr’t er as histoarikus oer skreaun hat.
Sasjenka is de namme fan de haadfiguer fan it earste boek fan de trilogy. Yn 1916 is sij 16 jier âld. Sij wennet yn Sint-Petersburg. Har heit, baron Zeitlin, is in rike Joad út Odessa, mar sij is troch har Joadse omke Mendel bekeard ta it bolsjewisme, en wurdt oan it begjin fan it boek oppakt as revolúsjonêr. Har heit krijt har wol frij troch syn ynfloed, mar sij giet troch mei har aktiviteiten foar de Partij. In sekere Sagan fan de geheime tsjinst fan de Tsaar besiket har yn te hieren as dûbelagint. Omke Mendel stipet har hjiryn. Mar dan komt de Oktoberrevolúsje fan 1917.
Yn it twadde deel fan dit boek, spyljend yn 1939, is Sasjenka troud mei in bolsjewyk yn in hege posysje bij de geheime tsjinst. Sasjenka is bij de redaksje fan in frouljusblêd foar kommunistise froulju. Dit is krekt nei de showprosessen en de hûnderttûzenen likwidaasjes en suveringen fan 1937-38.
Op in jûn komt Stalin sels lâns yn har ‘datsja’ en kriget er in goede yndruk fan har. Mar yn dy tiid is gjinien feilich foar de paranoia fan Stalin, en ek Sasjenka wurdt dêr úteinlik it slachtoffer fan. Sij ‘bekent’ ûnder twang en wurdt feroardeeld as ‘fijân fan it folk’. En kriget de deastraf, lykas ek har man. Har twa lytse bern wurde troch de freon fan har en har man, Satinov neamd, ûnderbrocht bij gesinnen yn Súd-Ruslân. Dat docht Satinov mei gefaar foar eigen libben, mar hij hat noch wat minskliks yn him, en hij wit dat in weeshûs foar bern fan in fijân fan it folk ek deadlik is. Hoe’t Sasjenka oan har ein komt, is noch net dúdlik. Mar wol dat it net ‘reglemintêr’ gongen is.
It tredde deel spilet yn 1994. Ruslân is no frij fan it kommunisme. Satinov is in hege militêr wurden en ien fan de meast fereare generaals. Hij is no stokâld en weromsjend op syn libben set er prosessen yn gong dy’t ús úteinlik witte litte hoe’t Sasjenka oan har freeslik ein kommen is. Wij leare har beppesizzer kennen en ek har twa troch Satinov rêden bern.
Fietskaart Friese Meren met Zuid-Friesland
Kom út dy kraan
Lichaam, eer en recht in middeleeuws Friesland
Tomke en de bijen
de toverangel fan Ate
Tantalus III
Brekber
Renger - Fryske edysje
Zuivelfabrieken in Friesland
Vloeiend landschap - Over de toekomst van het Friese landschap
Het Beest - Het wielerleven van Lieuwe Westra
De froulju fan de fetweider
Waterland - land van de toekomst
Kaart: Yn ferwachting!
Sulver en minsken
Fryslân stikker grut (Frl-stikker)
Der dy namma fan heten is - It komôf fan plaknammen
Jorwerter Dweilstikken
Kabel en tou
De Onnie's en it hynstebal
Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse
Fryslân -muts
Zwarte magie - black magic
'Do draachst de leafde oan' - Jij draagt de liefde aan
It portret - Audioboek
De treastfûgel - Audioboek
Blaumelly - gedichten
Yn de tiid fan de guillotine