Kategoryen

No products in the cart.

Samle fersen en oersettings fan Klaas Bruinsma

Klaas Bruinsma

27,50

Details

Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Klaas Bruinsma. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân. Dêrneist binne der bekende en mear ûnbekende gedichten fan oare auteurs, mei oersettingen fan Bruinsma yn ferskate talen, en gedichten út oare talen, oerset yn it Frysk. Treffend binne ek de oersettingen fan Aldfryske sangen.
Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersettingen yn byldzjend Frysk. Syn enoarme talenkennis yn kombinaasje mei syn lyryske talinten meitsje syn wurk ta in wichtich stik erfgoed foar it Fryske taalgebiet, mei syn eigen wurk as de peareltsjes yn de kroan.

Oer de auteur:
Klaas Bruinsma (* Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis.
Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).

Author : Klaas Bruinsma ISBN : 9789463650885 Pages : 181 Language : Frysk Publisher : Elikser Format : Softcover Translator : Klaas Bruinsma Kategory: , , .