Sake (5 boekjes)
Praat mar Toaniel!
€25,00
Op voorraad
Details
Sake wennet mei syn heit en mem en âlde paken en beppen yn in lyts suterich klintsje mei amper ferve op’e kezinen en de wyn troch de kieren. Sakes heit hat gjin wurk mear en dêrtroch is der amper jild foar iten en drinken. Op in dei lêze de paken en de beppen in hiel nijsgjirrich berjocht yn de krante en dat is is it begjin fan in wol hiel bysûnder aventoer…
In rige fan 12 toaniellêsboekjes foar de groepen 5 en 6, 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.
Kombinaasjetip: By in tal fan de tolve útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.
Yn de metoade Searje 36, foar it fuortset ûnderwiis, stiet it projekt Praat mar Toaniel klear, dêr’t ek guon fan dizze boekjes by brûkt wurde kinne. Sjoch de metoade foar mear ynformaasje.
De Wiksel - De Wissel
Us Baptisten (ferskynt ein oktober)
Camping Beppe - Fryske edysje (ferskynt begjin novimber)
Sasjenka
Covidwiksel - Audioboek
Stil de Wildernis - Gedichten
Marijke Meu - Stammoeder van ons vorstenhuis
Op redens oer - Lústerboek
De Hobbit
Bruno en Svenson (Bildts)
De fûgel - Audioboek
Op redens oer - ferhalen
Beafeart nei Saint-Martin - Rink van der Velde

