No products in the cart.

Kategoryen

No products in the cart.

Pudding Tarzan (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

25,00

Details

Iwan is in jonge dy’t altiten pest wurdt, ûnder oaren troch Boris. Syn heit helpt him ek net echt: dy wol dat syn soan sterk en stoer wurdt, lykas Tarzan, de held út de jungle. Op skoalle neame se Iwan al gau Pudding Tarzan. Op in dei giet it wer mis: Iwan sit op in te grutte fyts, boppe op de heuvel! Pudding Tarzan is bedoeld foar groep 5 en 6.

In rige fan 12 toaniellêsboekjes foar de groepen 5 oant 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By in tal fan de útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.