Kategoryen

No products in the cart.

Op it bouplak

Susanne Gernhäuser

12,50

Details

Wat bart der op it bouplak?

Yn it nijbouplan wurde allegearre nije huzen boud en yn it sintrum fan de stêd moat in nije parkeargaraazje komme. Der ride grutte masines om foar it swiere wurk, der wurdt mitsele en timmere, elkenien is hurd oan it wurk.
Op de grutte platen kinne ek jonge bern al fan alles ûntdekke en oan ’e hân fan lytse ferhaaltsjes wurdt op in ienfâldige wize útlein hoe’t alles om en ta giet.


Andreja: “It boek ‘Op it bouplak’ hat in hurde kaft en ek de bledsiden binne fan karton. Dat makket it boek al geskikt foar jonge bern dy’t der lekker sels yn blêdzje kinne sûnder dat it boek stikken giet of bledsiden knûkeljen geane. It boek is ek net al te grut, sadat bern gau sels it boek fêsthâlde kinne. De ferhaaltsjes binne koart en ienfâldich, wat it boek geskikt makket foar jonge bern, mar de detaillearre platen meitsje it ek leuk foar wat âldere bern. Myn ynskatting is dat it boek leuk is foar bern oant 8 jier.” Lês hjir de folsleine resinsje fan Andreja.

Leo: “Us Feike fan hast twa is sljocht op dit soarte boekjes en wit al hiel wat masines en oare dingen te beneamen… ” Lês hjir de folsleine resinsje fan Leo.

 

Author : Susanne Gernhäuser ISBN : 9789493159778 New label : 1 Pages : 22 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : kartonboek Translator : Hermien van der Meer Illustrator : Wolfgang Metzger Kategory: , , .