Op 'e literaire toer
Hessel Miedema
€17,50
Details
Dit boek befettet al it literêre wurk fan Hessel Miedema. Hast alle opnommen wurk yn dizze sammelbondel hat earder yn it literêr tydskrift Quatrebras stien. By de poëzij is de leafdessyklus Trettjin fersen, mei de bekende rigels: ‘dêrom lei ik de kul oer ’t skouder / en reizge floitsjend ôf’, en de grutte sykli Stadich brekke de foarmen út ’e skyl en De greate wrakseling. Proaza: elf koarte ferhalen yn in yn syn tiid nije styl, sûnder ynterpunksje en haadletters, fol fan kontinu streamende taal dy’t de lêzer meifiert as yn in film. Fierder in ienakter, in krityk en in Hollânsktalige ôfskiedsbrief. Fan De greate wrakseling ferskynde yn 2005 in aparte nije útjefte by Utjouwerij Venus.
Dizze útjefte is de werútjefte fan de earste printing út 1973. It boek is net omstavere.
Hessel Miedema (1929-2019), hikke yn Snits, tein yn Amsterdam, studearre keunstskiednis. Yn it begjin fan syn studintetiid slute er him oan by it Fryske studinteselskip Cygnus resurgens. Yn dy rûnte ûnstie yn 1954 it literêr tydskrift Quartrebras. Miedema wie fan 1960-1963 redakteur. Fan 1957 oant 1963 wie er konservator fan Het Princessehof yn Ljouwert. Dêrnei gie er werom nei Amsterdam. Hy skreau gjin literêr wurk mear en waard yn Fryslân in leginde tsjin wil en tank.
Regaad yn 'e himel
Kaart: Wolkom berntsje op 'e wrâld
Kaart: Pyt soe te fytsen (Sinteklaas)
Ferdban - Oudfriese oorkonden en hun verhaal
Lytse Ezel - Jarich syn jierdei
It portret - Audioboek
Friese spreuktegel: As it net kin sa't it moat dan moat it mar sa't it kin
Jentsje Popma, kunstenaar met een missie
Wêr is Keimpe?
It geheim fan de mist
Op klompen troch de dessa
Wytske en Kees fiere Sinteklaas
Krystkaart: Ik winskje dy in waarm krystfeest ta
Completen
Fryslân -muts
De oerwinning fan Bjinse Houtsma
De kul oer it skouder