Oergongen - Diel 22 fan 'In Fryske Odyssee'
Willem Tjerkstra
€22,95
Details
Oergongen is it twaentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.
Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht, Dynamyske bestimming en Oergongen wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000.
Yn Oergongen giet it fan de iene nei de oare oergong. Bouke Blomhof makket de oergong mei fan boer nei pensjonaris as de lisboksstâl en syn greiden leech reitsje. De lieten fan de shantykoaren, dy’t troch Snits weagje, soargje foar nije ynspiraasje, in oergong fan de greiden nei de see. De Koerd Adid ben Ali feroaret de koers foar de auteur, in oergong fan de see nei de Fryske binnenwetters. Hy jout de suggestje om de religy fan it skûtsjesilen te beskriuwen, wat resultearret yn de roman Eeltsjebaas en Wybeskipper. Yn it lêste diel fan it boek wurde ferskate oergongen beskreaun yn de kontekst fan de ierdske en de kosmyske ivichheid.
Firalen- Audioboek
It Achterhûs
Mok Pake
A5 kaart: Heit
Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel)
Frisismenkaart: herfst / hjerst
Tsjang en de taaldief
De natoer
Kaart: krûpke?
Sex to the Max
De Brieven van Lini en Jan de Witt
FC Nostalgia
Kaart: Wa't leaf is krijt letters (Sinteklaas)
De Fryske skiednis yn 11 & 30 finsters, diel trije
Heit van Ús Mem - Gerhardus Jan Adema: Beeldhouwer Schilder Tekenaar Medailleur
Moard yn 'e hite hei - speurdersroman
It Jier 1929 - Diel 19 fan 'In Fryske Odyssee'