Gouden pest - Diel 17 fan 'In Fryske Odyssee'
Willem Tjerkstra
€22,95
Details
Gouden Pest is it santjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbens-beskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint.
Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999.
Tusken de pest, dy’t de Spaanske ûntdekkingsreizgers meinamen út Europa, en it blinkende goud fan de Inka’s, lei in lange wei. Francisco Pizarro foer mei syn bemanning oer twa oseanen nei it suden en marsjearre mei it leger fierder nei de Inka-stêd Cajamarca. It leger fan Wayna Capac, de âlde Inka-kening, teach út it noarden wei nei Cuzco. Hysels en in part fan it leger soene de haadstêd fan de Inka’s nea berikke.
Gouden Pest fertelt it begjin fan de tragyske ûndergong fan de beskaving fan de Inka’s.
Jierdeikalinder mei ferskes en gedichtsjes fan Geartsje Douma
De kul oer it skouder
It geheim fan Gurja
Alle dagen Frysk - kalinder
Ntrije55 - gedichten
De geur van hooi
Blommen - Fryske natoergids
De lytse walfisk - karton
It hûs fan Simen
Kaart: Hoera, oerbeppe wurden!
De Achttjin
De grutto
De Ljip - Sake P. Roodbergen
Kaart: Pikerje net, it komt dochs oars (Friese spreuktegel)
Oarloch yn en om Grou - 1940-1945
Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L.
De roman fan Walewein