Kategorien

Geen producten in de winkelwagen.

Njoggen dagen yn it gers - Gedichten

Abe de Vries

€20,00

Details

Njoggen dagen yn it gers is syn tolfde dichtbondel. ‘Untdek it Noarden’ is hjir it biedwurd. Op syn speurtocht slacht de dichter himsels allesbehalve oer. Yntrospeksje en kultuerkrityk geane hân yn hân yn in talich aventoer dat de lêzer meifiert nei de úthoeken fan Fryslân, mar ek nei Spitsbergen, Kalifornië, Oekrayne, Normandië en de Pfalz.

Lykas al syn foargongers bestiet Njoggen dagen yn it gers út nije fersen en al âlder, bewurke materiaal, hieltyd skreaun as transformaasjes fan eigen ûnderfiningen yn talige aventoerkes. En lykas yn syn eardere bondels toant de dichter lef. Hy sparret neat en nimmen, ek himsels net: “Ik hie oan it skriuwen fan poëzij altyd freeslik de skurft”, sa begjint it twadde gedicht yn dizze nije bondel.

Skriuwer: Abe de Vries ISBN: 9789083431543 Nij: 1 Oantal siden: 46 Taal: Frysk Utjouwer: De Ryp Utfiering: Softcover Kategory , , .

Relatearre produkten

Útferkeap
Oorspronkelijke prijs was: €17,50.Huidige prijs is: €7,50.