Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Opskuorgebieten

Abe de Vries

Original price was: €17,50.Current price is: €7,50.

Details

Opskuorgebieten is Abe de Vries syn antwurd op de krisis fan de Frysktalige kultuer: lyryske, klassike, engazjearre en bytiden bitende poëzij oer it Fryslân fan hjoed. Syn ferhearde muze skept in wrâld fan grutte literêre skientme, mar ek fan kultuerkommersy, falende soarch, krimp oan ‘e râne, emigraasje en foaral fan in ferdwinende skriftkultuer. Opskuorgebieten is in manjefike bondel, ûntspruten oan de roppige geast fan in dichter dy’t driging en delgong sjocht mar net belies jout. De Vries pleatst syn komôf en ferline yn eigentiids en takomstich perspektyf en hat mear as oait de macht om wurden dwaan te litten wat er seit.

Abe de Vries (1965) krige yn 2005 de Gysbert Japicxpriis foar syn twadde bondel In waarm wek altyd (2004). Hy wie redakteur fan Kistwurk, oprjochter en haadredakteur fan Farsk, foarmet mei Friduwih Riemersma de redaksje fan Fers2 en is einredakteur by it Friesch Dagblad. Neist poëzij en blomlêzingen.

Ek te krijen yn in oanbiedingsset: https://websjop.afuk.frl/frl/winkel/oanbieding-3-dichtbondels-fan-abe-de-vries/

Author : Abe de Vries ISBN : 9789081581868 Pages : 68 Language : Frysk Publisher : De Ryp Format : ynbûn Sale label : 1 Kategory: , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €47,50.Current price is: €15,00.
Oanbieding
Original price was: €15,00.Current price is: €7,50.
Oanbieding
Original price was: €15,00.Current price is: €7,50.