Kategoryen

No products in the cart.

Oanbieding!
Oanbieding

Nieuwe Encyclopedie van Fryslân

Original price was: €125,00.Current price is: €29,90.

Details

Nieuwe Encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is in ûnmisbere oanfolling yn de boekekast foar elkenien dy’t gek is fan Fryslân en mear witte wol oer dizze provinsje. De fjouwerdielige ensyklopedy hat sa’n 3000 siden, 11.0000 trefwurden en mei in gewicht fan rom 8 kilo. De ensyklopedy stiet fol aktuele kennis oer Fryslân.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is ynhâldlik hiel aktueel en modern foarmjûn. Mear as 200 wittenskippers – de top fan ferskate fakgebieten- ha meiwurke oan de ensyklopedy en út talrike bronnen aktuele kennis opdjippe. Kennis oer Fryslân dy’t yn in soad gefallen net online te finen is.

Fan Asteriks oant Swarte Heap
De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is in unike momintopname fan de hjoeddeiske steat fan Fryslân. De ûnderwerpen dy’t oan bod komme beljochtsje alle tinkbere aspekten fan Fryslân: keunst & kultuer, taal en literatuer, polityk en maatskippij, ekonomy en ynfrastruktuer, geografy en wettersteat, argeology en monuminten, skiednis en natoerwittenskippen.

Bekende Friezen
Alles wat op it stuit fan belang is foar Fryslân of dat yn it ferline west hat is te finen yn de ensyklopedy. Ek bekende Friezen fan no en út it ferline komme der yn foar.  Lykas politikus en earste keamerlid Hendrik ten Hoeve, akteur Rutger Hauer, sjongeres Nynke Laverman, topmodel Doutzen Kroes, arsjitekt Hans Achterbosch of topman Cor Boonstra. Mar ek Fryske sporters lykas Epke Zonderland en sylkampioene Marit Bouwmeester ha in plakje krigen.

It plaatsje kompleet
Tekst en yllustraasje foarmje tegearre it hiele plaatsje. Uteinlik binne der mear as 1100 ôfbyldings selektearre.  Njonken de ôfbyldings  út de argiven fan Tresoar, de Leeuwarder Courant of materiaal út it Fries museum en oare musea, binne der ek beropsfotografen ynhierd om foto’s oan te leverjen  op it mêd fan bygelyks argeology en biology. Der is foar soarge dat it fotomateriaal fan de doarpen hiel resint is. En faak  is der gebrûk makke fan prachtich byldmateriaal dat oanbean waard troch ynwenners fan Fryslân en amateurfotografen.  De yllustraasjes ha in ynformative en yllustrative wearde. In protte yllustraasjes yn de foarm fan topografyske kaarten binne oanlevere troch Rintje Hellingwerf fan de provinsje Fryslân.

ISBN 978 90 5615 375 5
Ynbûn, 4 dielen
Nederlânsk
3000 siden