Mikal - De earste frou fan kening David
Anders M. Rozendal
€23,50
Details
Mikal is in boeredochter fan 11 jier. Se is in byderhant famke en, oars as har âldere suske, hat sy skriuwen leard. Dizze roman is har deiboek.
Mikal har jonge libben komt yn in streamfersnelling as Saul, har heit, keazen wurdt as kening oer Israël. Al jong trout se mei David, dy՚t as lietsjesjonger, mar ek as kriichsman syn yntrede by it hof docht. De leafde hâldt gjin stân om՚t David it tsjin har heit yn ՚e kant set. Boppedat siket er syn taflecht by bûtenlânske fijannen en oare froulju. Mikal trout dan mei Palty, in hiel oar minske as David.
Dan bart der in ramp: Kening Saul en trije fan syn soannen komme om op it slachfjild. David, dy՚t jierrenlang yn it suden fan it lân op de skobberdebonk libbe, sjocht syn kâns en lit himsels ta kening útroppe. En by in kening heart in keninginne. Immen mei statuer en grandeur. Dus easket David Mikal werom.
Mikal beseft dat der gjin ûntkommen oan is, en makket der it bêste fan. Efter de skermen regelet se in soad en alle stoarmen dy՚t it keningshûs giselje oerlibbet se mei glâns. Tuskentroch skriuwt se oer har eigen libben, en oer it libben fan de lju dy՚t har paad kruse.
Mei dizze oansprekkende, spannende roman bringt Anders Rozendal histoaryske figueren út de Bibel opnij ta libben.
Kaart: Moaie dei!
Kaart: De tiid hâldt gjin skoft (Friese spreuktegel)
Kaart: Sa ist en net oars, ... (Friese spreuktegel)
Kaart: Samar...
Myn kreambesite
Frisismenkaart: herfst / hjerst
Kaart: Wa't leaf is krijt letters (Sinteklaas)
De lêste hikke - Fryske nammen fan foarby
Mo & Miro - Sokjes oan
Betterskip, Stip!
Lieteboek - Sjonge en bidde thús en yn tsjerke
Boechbylden
BOEM! Lytse Ûle
A5 kaart: Ik sil sliepe leave Hear
Kaart: Oeral thús, mar thús it bêste. (Friese spreuktegel)
Mem, fertel!
Heech Tymo, sjoch omheech
Sex to the Max
The story of Frisian in multilingual Friesland
Kaart: foar ivich man en frou
Ûnderweis
Beppe, fertel!
Wurden fan Timo
Feest yn Gennaard