Kategoryen

No products in the cart.

Boechbylden

J. Slauerhoff

19,90

Details

In grutte seleksje út de gedichten fan Slauerhoff yn it Frysk beskikber te hawwen, is yn Fryslân al lang in winsk dy’t wachtet opferfolling: dit boek hat jierren ûnderweis west. De hjir byinoar brochte fersen binne útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam en Abe de Vries.

Dichter Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936) wie in Ljouwerter, opgroeid as soan fan in ynterieurwinkelman yn ‘e stêd, siet mei Simon Vestdijk op ‘e HBS en wie ek oan Fryslân ferbûn troch syn jeugdleafde foar dûmnysdochter Heleen Hille Ris Lambers út Jorwert, syn fakânsjes op Flylân (it eilân dêr’t syn mem weikaam) en inkele waarnimmerskippen as dokter, yn Baard, De Ryp en op ‘e Sweach.

Obe Postma neamde him ‘in Friese jongeman, maar met vermogens meer dan Friesland’. Hendrik de Vries tocht dat der ‘ondanks alle cosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven’. En Anne Wadman miende: ‘Hy wie net ien fan uzen. En dochs ek wol wer.’

Author : J. Slauerhoff ISBN : 9789492457400 New label : 1 Pages : 167 Language : Nederlands Frysk Publisher : Het Nieuwe Kanaal Format : paperback Translator : Eppie Dam/Abe de Vries Kategory: , , .