No products in the cart.

Kategoryen

No products in the cart.

Meester Jaap (5 boekjes)

Praat mar Toaniel!

25,00

Details

Meester Jaap jout no les yn Fryslân. Mar dan moat er fansels ek Frysk leare. En wat witte oer bygelyks Grutte Pier. Dat smyt de noadige nuvere tafrielen op dy’t passe by Meester Jaap fansels. Mei tastimming fan Jacques Vriens is ien fan syn bekende ferhalen ferwurke yn dit Praat mar Toanielboekje foar de groepen 5 en 6.

In rige fan 12 toaniellêsboekjes foar de groepen 5 oant 8 fan it primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dyn gefoelens en gedachten bringst yn dyn eigen taal it bêste ta útdrukking. By Praat mar Toaniel! geane learlingen op in fleurige en ynspirearjende wize mei Frysktalige toanielteksten oan de slach. It lêzen en spyljen fan teaterstikken yn it Frysk set oan om mear Frysk te lêzen, te praten en mooglik ek te skriuwen.

Kombinaasjetip: By in tal fan de útjeften fan de ‘Praat mar Toaniel!-rige binne nijsgjirrige Projekten foar it primêr ûnderwiis ûntwikkele. Do fynst dy Projekten yn de Fryske metoade ‘Spoar 8’.