Kategoryen

No products in the cart.

Leffert

Harke Bremer

15,00

Details

Begjin 8ste ieu. Redbad is noch kening fan Fryslân. Mar sil it Fryske keninkryk it hâlde tsjin ‘e oanboazjende driging fan ‘e Franken? It andert op dy frage leit yn ‘e hannen fan ien man. Dit breed opsette epos ferhellet hoe’t er him nettsjinsteande de hendikeps dy’t er by de berte meikrige hat, ûntjout ta in held. Foar de frou fan syn libben bejout er him yn lijen en gefaar. Troch alderhanne tsjinstuiten fine de twa jonge minsken mei help fan har freonen in paad nei it lok.

“It nijste wurk fan Bremer en Hoekstra ferret in grutte fertroudens mei de epyske tradysje, mar it is mear as bleate neifolging; troch it gebrûk fan 3D en spesjale effekten lit it Homerus-en-dy fier efter him.” (Zeitschrift für epische Dichtung)

“Dit boek makket alle natoersearjes op ‘e tillefyzje oertallich! Libbensechte natoerbeskriuwingen en skerpe obstrewaasjes fan ‘e ynteraksje tusken minske en dier hâlde de lêzer oanienwei yn ‘e besnijing.” (Natuur in Beeld)

“Wy begripe net rjucht wêrom’t dit boek ús tastjoerd is foar besprek. De haadpersoanen binne faker út as yn ‘e klean.” (Ús Jurk, Tydskrift foar Modistyk)

Author : Harke Bremer, Jarich Hoekstra ISBN : 9789056153052 Pages : 140 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Format : ynbûn Kategory: , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €15,00.Current price is: €7,90.