Kneppelfreed 2021 - Ferline en takomst fan de Fryske taal
Peter Boomsma
€22,50
Details
Yn 1998 wurdt Kneppelfreed – Gevecht om de taal met wapenstok en waterkanon útjûn. It boek krijt yn de Fryske en lanlike parse loovjende kritiken. Sântich jier nei Kneppelfreed is it tiid foar in werútjefte. It boek út 1998 wurdt folslein oanpast. It tal haadstikken is ynkoarte fan sân nei fiif. Elk wurd wurdt op ’e nij woegen. It boek is op ’e nij skrean, wêrby’t de basis yntakt bliuwt. Nij is ek dat Kneppelfreed 2021. Ferline en takomst fan de Fryske taal folslein twatalich is, 158 siden yn it Frysk, 166 siden yn it Hollânsk.
Hoe stiet it Frysk derfoar, santich jier nei Kneppelfreed? Skriuwer Peter Boomsma is benijd nei de stân fan saken fan it Frysk yn de rjochtseal, yn it ûnderwiis, by de Fryske gemeenten en yn bestjoerlik Fryslân.
Fjouwer saakkundigen binne ree fûn har ljocht oer dizze matearje skine te litten. Foar it Frysk yn de rjochtseal is dat mr. Tjalling van der Goot. Alex Riemersma, âld-lektor meartalichheid oan NHL Stenden, giet yn op ûnderwiis yn de Fryske taal, fan basisûnderwiis oant universiteit. Johanneke Liemburg – biografe fan de haadrolspiler fan Kneppelfreed, Fedde Schurer – beskriuwt it brûken fan it Frysk by de Fryske gemeenten. Hjoeddeistich kommissaris fan de Kening Arno Brok skriuwt oer de rol fan de provinsje Fryslân en it stimulearjen fan de Fryske taal.
Lekker eigenwiis
Speurnoazen yn Park Fiversburch
Het Skûtsjesilen - een inleiding
Hear fan 'e Miggen
De pakkyboat / Lichys in 't donker - Bildts
Sirkus PeM en de ûlewapper
Afke's Tiental - Strip
Beleefwandeling 'Van State tot Stek'
Sprookjes uit de Friese Wouden - Dam Jaarsma
Nee hast, ja kinst krije - It ferhaal fan De Lytse Yerke
De hooivogel - Waarom de grutto uit Nederland vertrekt
Betterskip, Stip!
Sprokies van Grimm in 't Stellingwarfs
Skoare by FC Top - Audioboek
Leavepop
Tomkes foarlêsfeest
It swetshok - Ferhalen fan in fjildman
Fryslân yn de Gouden Iuw - Opfettingen, Ideeën, Ferbylding
Op de grens van land en water
Historische Streekatlas NL - De ware schaal van Nederland
Beppe Gruffalo
De taal van recht en vrijheid
