Kategoryen

No products in the cart.

Keimpe en Tomke - Wolkom by ús op skoalle!

Riemkje Pitstra

3,50

Details

Tomke sil foar it earst nei de ‘grutte skoalle’. Dat fynt er hiel spannend! Gelokkich is de juf hiel leaf en komt er by nije freontsjes yn ’e klasse. En hy komt yn ’e kunde mei Keimpe de Krokodil.

Dit boekje is makke foar bern dy’t foar it earst nei de basisskoalle sille. It is bedoeld om harren wolkom te hjitten op skoalle en fertroud te meitsjen mei al it nijs dat sy tsjinkomme sille. Tomke, by de measte Fryske pjutten wol bekend, nimt harren mei op syn earste skoaldei. Hy komt yn ’e kunde mei in tal nije freontsjes en mei Keimpe de Krokodil. Keimpe de Krokodil en de nije freontsjes fan Tomke hawwe ek in plak yn Spoar 8, de metoade foar it Frysk. Se binne ûnder oaren te finen yn ynteraktive sykplaten, yn ferhaaltsjes en yn de Lêsline.

Basisskoallen kinne it boekje útdiele oan harren nije learlingen as in wolkomskadootsje. Der is romte foar de skoalle om in foto yn te plakken en foar de âlders om wat op te skriuwen oer harren bern. Sa lit de skoalle sjen dat it Frysk in plak hat op skoalle en wurdt it boekje in moaie herinnering foar bern en âlders oan de earste perioade op de ‘grutte skoalle’. Mei de subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ fan de Provinsje Fryslân kin 80% fan de oankeappriis as subsydzje werom krigen wurde. Dat betsjut dat it boekje de skoalle net mear as €1,50 per stik kostet!

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling: https://taalplan.frl/fryskfoarnoenletter/

Author : Riemkje Pitstra New label : 1 Pages : 39 Language : Frysk Publisher : Afûk Format : ynbûn Illustrator : Luuk Klazenga & Aart Cornelissen Kategory: , , , , , , , .

Relatearre produkten

Oanbieding
Original price was: €13,95.Current price is: €12,50.