Jonges fan Sleat
Elske Schotanus
€29,95
Details
De graphic novel: Jonges fan Sleat folgt it ferhaal fan Jelle en syn bruorke Hidde, dy’t mei harren pake yn it stedsje Sleat binne. As Jelle in leechsteand hûs binnenstapt, falt de doar yn it slot en kin er der net mear út. Yn de nacht rekket er yn in tommeljende tiid telâne: it is it jier 1666. Fan dat momint ôf libbet er him yn yn it libben fan Anske. Mei har broer Bernd dielt er leed en wille. As Jelle úteinlik weromkeart nei de 21e iuw, hat er net allinnich in bysûnder aventoer belibbe, mar ek in soad leard oer de Gouden Iuw.
Jonges fan Sleat is ynspirearre op ynformaasje út it Weesboek fan Sleat. Yn it ferhaal ferdwine de grinzen tusken romte en tiid. De útjefte is bedoeld foar in breed publyk: lêzers fan 10 oant 100 jier.
De parse oer Elske Schotanus har eardere graphic novel Kyra: in skiednis dy’t spilet yn it jier fan de Rôt (2022):
‘In bysûndere útjefte dy’t op in boartlike en grimmitige wize in nije en ûnwisse tiid ferkent.’ (Jaap Krol, Friesch Dagblad)
‘In fernimstige, oandwaanlike en krityske graphic novel oer de koroanatiid.’ (Doeke Sijens, Leeuwarder Courant)
Frisismenkaart: herfst / hjerst
Twa skinken