Kategoryen

No products in the cart.

It wrede paradys - It ferfolch

Hylke Speerstra

27,50

Details

1999. It boek wie skreaun, it fleach yn trije talen en 25 printingen de wrâld oer, der waard heech fan opjûn. Geert Mak skreau: ‘Je mond valt open, pagina na pagina. Wat een moed en wanhoop! Wat een levens!’
It wie in jiermannich letter, en wat blykte? Guon libbensferhalen hiene in hiel aparte draai nommen. Alde ferhalen wiene noch lang net ôf. En de nije wiene noch net op! Sa’n nij ferhaal is dat fan widner Klaas van der Veen fan de Harkema, dy’t mei syn tsien opgroeiende bern nei it woeste Kanada fan ein jierren fjirtich reizget. Wat in libben! Op de prairie fan Saskatchewan fynt de skriuwer de dan 99 jier âlde frijer fan de fermoarde Ynskje Speerstra fan Sibrandabuorren. Oer tragyk en âlde leafde sprutsen… En wêr bedarre de jiske fan Wiebe Boersma op wei fan Melbourne nei syn heitelân?
Sa ûntbleatsje har yn It wrede paradys – It ferfolch mear âlde mystearjes. Mei 34 tajeften, in hânfol nije libbensskiednissen, 32 fotosiden mei bylden fan de fertellers, en lêsbere skôgingen fan prof. Henry Baron, prof. Douwe Draaisma en dr. Jan Dirk Wassenaar is dit boek yn elke boekekast it rike sydsulver fan it âlde It wrede paradys.

Hylke Speerstra (1936) is ien fan de meast lêzen Fryske skriuwers. Hy wurke as sjoernalist en debutearre yn 1968 mei Heil om seil, in boek mei skippersferhalen. Ek yn syn oare boeken lit er meast minsken oan it wurd om sa it ferhaal fan in mienskip te ferheljen.

Author : Hylke Speerstra ISBN : 9789056152383 Pages : 655 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Format : ynbûn Kategory: , , , , .