Kategoryen

No products in the cart.

It sket fan Toussaint

Leo Popma

20,00

Details



Yn dizze roman beskriuwt Leo Popma hoe’t in krimpdoarp fjochtet tsjin achterstelling en ûndergong; wetteloasheid, eigenrjochting, tongblier, misbrûk en drugs behearskje it bestean yn BlierCitty.

Mei har ‘projekten’ mobilieart de âlde Aaf Leenes it protest tsjin oerheid en gesach en bringt oarder yn it libben fan de minsken. Wa’t net past of net meidocht komt ier of let op it sket fan Toussaint. As Tilma Jager nei jierren weromkomt om in âlde skuld ôf te dwaan, rekket it doarp yn ûnstjoer en is der gjin rêden mear oan.

Yn oranje en giel en read, tsjin in nachtswarte loft, stiet it doarp yn ‘e brân; flammen lôgje op út it dak fan Jager syn pleats; it glês spat út ‘e ruten; troch flarden reek binne op ‘e gevel de wite fervestreken noch te lêzen: Babylon; kritend sirkelje fûgels boppe de Oranjebeam, op it plein stean se te roppen, fûsten yn ‘e loft, toeters oan ‘e mûle: De hoer fan Babylon is thús. Ferslein stean se te sjen, foar de safolste kear.

Author : Leo Popma ISBN : 9789085660583 New label : 1 Pages : 159 Language : Frysk Publisher : Frysk en Frij Kategory: , .

Relatearre produkten

As gong dêr in oar
Yn winkelwein
25,00