Kategoryen

No products in the cart.

Spegel en sonde

Jetske Bilker

22,90

Details

As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis.
Om’t se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk.
Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op te krijen.
As Anniek, har suster dy’t se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy’t Doutsen har hiele libben ferswijd hat.
Wat is der eins bard yn it ferline?

Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske, ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen.

Jetske Bilker (1960) is auteur fan de roman Imitaasjelear, de ferhalebondel In nacht fan hûs en boekewikegeskink Oar plak oare tiid. Har roman It libben fan in oar waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis.

 

Author : Jetske Bilker ISBN : 9789056157289 New label : 1 Pages : 304 Language : Frysk Publisher : Bornmeer Format : Softcover Kategory: , , , , .

Relatearre produkten