Kategoryen

Geen producten in de winkelwagen.

It noarderljocht - Ferhalen

Gooitzen Monsma

18,00

Details

Nei it útkommen fan de roman It testamint fan Tonnema is it by de skriuwer net kommen ta in twadde roman.

‘Fuortendaliks ophâlde mei muzyk meitsjen,’ sa waard Gooitzen Monsma oantrune om de tried wer op te pakken, mar dat advys hat er net opfolge.

Om dochs neist de muzyk ek noch dwaande te wêzen mei skriuwen hat er keazen foar it koarte ferhaal. Mei de ynstek om fan lytse foarfallen wat gruts te meitsjen, faak mei in koartswilige ynslach. Sa is it mei dizze bondel kommen ta in seleksje fan ferhalen dy’t foar in part publisearre binne yn de Fleanende Krie, it blêd fan de eardere KFFB (Kristlike Fryske Folks Bibleteek). De dêryn ferskynde ferhalen binne allegearre op ‘e nij bewurke.

Skriuwer: Gooitzen Monsma Isbn: 9789074516716 Nij: 1 Tal siden: 129 Taal: Frysk Útjouwer: Hispel Utfiering: paperback Kategory , , .