Kategoryen

No products in the cart.

Hiemhûn en oare ferhalen

Ytsje Hettinga

15,00

Details



Hiemhûn is in bondel mei koarte ferhalen dy’t har net allinne op it hiem ôfspylje. De skriuwster nimt jin mei nei de strjitte, it doarp, de stêd en fierder.

Mei in laits en in trien folgje we de personaazjes yn Hiemhûn fan beukerskoalle nei libbensein. Dêr tuskentroch komme we harren yn ferskate, soms werkenbere sitewaasjes tsjin. Guon binne anekdoatysk, oaren in miks van fiksje en non-fiksje.

Ytsje Hettinga is berne yn Dokkum (1946) en kaam, nei op in tal oare plakken wenne te hawwen, troch de leafde foar fêst telâne yn Koudum. Neist it boerinne wêzen wie se, en is se noch, aktyf op ferskaat kultureel mêd. Ytsje wie streekdichter fan de eardere gemeente Nijefurd. Sy is lid fan de skriuwgroep Hysp.

Yn 2002 krige se ien fan de Rely Jorritsmaprizen foar it ferhaal Oessy. Neist ferhalen en gedichten skriuwt Ytsje ek toaniel en set stikken oer. Yn it foarste plak foar de teatergroep Sult dêr’t se benei yn alle produksjes ek op de planken stiet.

Author : Ytsje Hettinga ISBN : 9789083163833 New label : 1 Pages : 139 Language : Frysk Publisher : De Ryp Format : paperback Kategory: , , , .

Relatearre produkten

It sit sa
Yn winkelwein
14,90
No komt it noch
Yn winkelwein
15,00
Tsien fan Hylkje
Yn winkelwein
7,50