Heity! Help!!
Thys Wadman
€14,95
Details
As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit. Dy moat him helpe. Heit sil it bist of it meunster grif wol fange kinne. Of fuortjeie.
Mar oft dat slagget?
Bist op syk nei moaie oanfollende opdrachten by dit boek? Sjoch dan by de Lêstip fan Keimpe.
Sita: “Dit kleurryk yllustrearre boek nimt de lêzer echt mei yn it ferhaal, ynklusyf it eachpunt fan de mich. Dat wurdt hiel handich en moai werjûn troch it gebrûk fan ferskillende lettertypen en ek mei de tekeningen! In werkenber ferhaal en in echte oanrieder!” Lês hjir Sita har folsleine resinsje.
Jolanda: “Leuk dat guon tekeningen fanút de twa pear eagen fan it meunster makke binne. Dat makke dat wy wat langer op dy siden hingjen bleaunen om de oplossing foar dy ‘oare yllustraasjes’ te fersinnen. Hoe langer oft ik (allinnich) nei de tekeningen sjoch, hoe mear oft ik glimkje moat, dêr is goed oer neitocht!!!” Lês hjir Jolanda har folsleine resinsje op rym.