Hege loften - ferhalen
Catharina Lautenbach
€17,90
Details
De ferhalen yn Hege loften binne ôfwikseljend tragikomysk, realistysk of surrealistysk. De beskreaune wrâld is betroud en eigen, mar de haadpersoanen bedarje yn ûnbekend gebiet. Oertsjûgingen ferlieze har macht, hâldfêst falt fuort en in nije werklikheid wurdt ûntdutsen. Lykas yn har debút Fûgels yn ús skriuwt Catharina Lautenbach ferhalen mei faasje, gefoel en ûnderkuolle humor.
Konsintraasje yn taal en it skeppen fan in allessizzende sfear is it meast eigene oan har ferhalen. Mannich ferhaal wurdt der in moai miniatuer fan. – Jaap Krol yn it Friesch Dagblad.
It giet yn har wurk oer selsstannich wurde, losli¬e, kreatyf wêze, in oare kar meitsje. (…) Se hat in hiele moaie styl fan skriuwen. – Martsje de Jong op Omrop Fryslân.
Se toant har in master yn de realistyske beskriuwing fan deistige situaasjes (…) en goed troffen psychologyske typearrings. In seldsume supernova oan ús taaleigen firmamint. – Lomme Skokker yn ensafh.
Reizger yn Fryslân - cd
Iet - Hoe een Amsterdamse studente 150 Joodse kinderen hielp onderduiken
Ferburgen Fryslân / Hidden Frisia - In reis troch myte, magy en religy
Kaart: Hoera, oerpake wurden!
Op 'e Njoggende Planeet - Diel 25 fan 'In Fryske Odyssee'
Kaart: In leaf lyts famke
Swallows and Floating Horses
De Raven en oare oersettingen - Audioboek
Fûgels yn ús - koarte ferhalen