Frozen moonlight yn myn hannen
Josse de Haan
€27,50
Details
Wurk fan de lêste fiif jier, meast yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk: resinsjes, literatuerkritiken, polemiken, skôgingen, poëzy, anarkys (fisuele Guon stikken binne earder ferskynd, û.o. yn literêre tydskriften, oaren binne nij.
It boek befettet in nijsgjirrich stikje literatuerhistoarje en jout in oersjoch fan alle ferskillende soarten literatuer dy’t Josse de Haan beoefenet. It jout dêrmei in goed byld fan dy ferskillende literêre sjenres en lit sjen wat hy mei literatuer dwaan kin.
Yn in ynterview haw ik ris sein dat it meitsjen fan in keunstwurk – in roman yn myn gefal – foar my de legitimaasje foarmet fan myn bestean. Mei oare wurden, ik ûntlien myn identiteit foar in part oan myn literêre libben. Myn fundamintele wissichheid oer myn eigen plak en rol yn de wrâld – myn persoanlikheid sis mar – hat te krijen mei myn profesje as skriuwer.
De persoanlikheid fan in minske hat ek altiten te krijen mei it ferline, mei dielen fan âlde foarmen dy’t noch tige weardefol binne, en foar in part bepale wat immen docht en tinkt, hoe’t er praat en eventueel skriuwt.
Yn dat geheel is de memmetaal fan eminint belang – de taal dy’t de wrâld iepentearde, dêr’t de wrâld yn ûntdutsen waard. De memmetaal foarmet in wichtich diel fan de identiteit, fan de persoanlikheid – in ynstrumint dêr’t gefoel en wrâld mei beneamd wurde kinne. Ast gjin memmetaal hast – itselde jildt foar lju sûnder mem, heit of beide – misto in wêzentlik part fan dyn bestean.
Jentsje syn auto
Kaart: Sa ist en net oars, ... (Friese spreuktegel)
Op ús eigen wize - Sân ferhalen út it boek Hannelingen oer taal en kultuer
Fan flierefluiters en droechstinners - Audioboek
De neidagen
Treastbrief oan mem Helvia
Iet - Hoe een Amsterdamse studente 150 Joodse kinderen hielp onderduiken
Jopie Huisman - puzzel De jas van Jelmer
De kul oer it skouder
A5 kaart: Heit
Liet fan it fjild - Sineeske gedichten
De Hoara's fan Hastings
Tonto Mundo
Moard yn tsjerke - Audioboek
Lân sûnder ljurk
Fryske ferfiersbedriuwen - De jierren 1920-1975
It portret - Audioboek
De Achttjin
Completen
de Fries - Op zoek naar de Friese identiteit
De sprinkhaan-notaris - Het boek van Yntze Rieuwerd Hoekstra
De hut fan das
Tin iis - Audioboek
Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875
Scharnegoutum in oorlogstijd - 'Das Terroristendorf'
Ridders fan de Rûne Tafel
De reuzen wurde wekker
De lêste hikke - Fryske nammen fan foarby
De grutto
Wurk
Prinses Pompebledsje
De Freon - Audioboek
De vuurtorenwachter en zijn dochter
Fergút
Moard yn 'e hite hei - Audioboek
De Romeinen - De opstân fan de Friezen - strip
Ntrije55 - gedichten
De gitaar by it boek
De kleine preens - Stellingwarfs
Reedride op glêd iis