Flarde
Bart Kingma
€22,50
Details
Wylst syn bedriuw yn swier waar sit en de relaasje mei syn frou en soan ûnder heechspanning stiet, ferlit Aede Ferwerda hûs en hiem. Hy stiet op it punt om de alderfruchtberste grûn gear te stallen en dêrmei it bedriuw in gouden takomst te besoargjen. Om dat proses te fersnellen giet er nei Baskelân ta.
Boppedat kin er dêr Sarat wer treffe, de wrâldferneamde sjongeres fan wa’t Aede noch altyd de manager is. De karriêre fan Sarat sit op in dea spoar, mar mei in ambisjeus plan tinkt Aede har in glorieuze rentree meitsje litte te kinnen.
Sa kin hy oan syn frou en soan sjen litte dat er ta grutte dieden yn steat is. Lykwols, mei’t Sarat syn beweechredenen yn ’e kiif stelt, rekket Aede fertize yn syn bedoelingen. Hy sil ta ynsjoch en ynkear komme moatte. Mar dat kin net sûnder dramatyske konsekwinsjes.
“In oar kinst te fiter hawwe, de wrâld kinst de gek oanstekke. Mar sis my: wêrom hast dysels sa by de poat?!”
Flarde is in ferhaal oer ferlet, ferlangen en ferbylding.
Arjen Dijkstra jout 4 stjerren: Wat hawwe Friezen mei poep? Earst kaam Jilt Jorritsma mei in poep-boek en no is Bart Kingma oan bar.
Dit is in goeie Fryske roman, it is hiel goed skreaun, Kingma hat in flotte pinne en in soad ferbylding. Der sitte in pear prachtige stikken yn, mei nammen de tuskenstikken bin goed slagge. It is ek goed ûnderlein, as yn dat der in soad nutteleaze kennis op in goeie manier brocht wurdt.
Mar moast al wat mei muzyk ha, moast tinke oan bands en popkonserten – dan is dit boek krekt wat foar dy. Dit is grif ien fan de bêste Fryske romans fan de lêste tiid.
De deikoersen fan Remco