Dof fiolet is 't west
Johan Andreas Dèr Mouw
€15,00
Net op foarried
Details
16 sonnetten fan Johan Andreas Dèr Mouw.
Nea earder is Johan Andreas Dèr Mouw (1863-1919) oerset nei it Frysk: sok oersetten wie like needsaaklik as ûnmooglik. Want de taal fan Dèr Mouw wikselet yn ien fersrigel fan ferheven spiritueel nei deistich húshâldlik. Wiskundige punten en sirkels fersjitte nei akseptaasje fan de dea. Oersetten freget wanderlust en hoeden pionierjen. De 16 sonnetten folgje de libbensline fan Dèr Mouw, mei ferbûnens, mystyk en iensumens en it fertriet om tebekslach en de blidens om Brahman.
Yn in tiid dat noch gjin bucketlist bestie, hie Eppie Dam al neat as fersebondels op syn boekelist te stean. Hy flirte mei Lodeizen, bekearde him ta Achterberg, lies Marsman, Slauerhoff en Nijhoff fan efteren nei foaren. Al dy jierren wie der ek in oaren: Johan Andreas Dèr Mouw, bekend as Adwaita, mar doe noch net ryp foar de list. Guon dingen wurde letter beslist. Dat silst altyd sjen ast âlder bist en de yn acht nommen ôfstân úteinlik foardelich wurket. Dèr Mouw kin yn ‘t Frysk!