Depot 5 - De moard op de haadargivaris
Tsjeardsje Lamberts
€7,50
Op voorraad
Details
Yn Depot 5 fan It Argyf yn L., in sliepperige provinsjehaadstêd yn it noarden fan it lân, is de haadargivaris dea oantroffen, fermoarde. Yn deselde nacht is in kostber skaaltsje stellen út it ferneamde stedsmuseum. De krekt oanstelde ynspekteur Kynke Swichum moat fuort oan de bak. Kin se har losmeitsje fan har reputaasje en dizze saak oplosse? Yn dizze flotskreaune Fryske skriller komst allerhanne types tsjin dy’t Kynke hjir net altyd by stypje. Lit dy meifiere yn de spannende speurtocht dy’t nei in iiskâlde apoteoaze fiert.
Tsjeardsje Lamberts wie mear as fjirtich jier argyfmeiwurker by tal fan ynstellingen yn Ljouwert en Den Haach. Se hat in soad belangrike bestjoersfunksjes hân en lêst gauris in Skandinavyske skriller. Yn it wykein spilet se graach golf. Lamberts hat in handicap fan 25.5.
Benijd nei it boek? Beharkje hjirûnder in koart audiofragmint.
De Hôven - gedichten by akwarellen
Heine kwam niet thuis
Juster wie alles oars
Wat in ein!
Verstilde zeggingskracht - Verjaardagskalender Jentsje Popma
It kweade wiif fan Hylpen - Folksferhalen
Post 65 Ergoed in Friesland - Bouwen en ordenen 1965-2000
Ik bedoel mar! - audioboek op cd
FRL stikker (stjerren)
Lykspul - Plysjeroman